Jennie en Bregt winne in priis op de KNKB partij yn eigen doarp
Mar leafst 34 keatsters (nea safolle dit jier) hienen harren oanmeld foar dizze KNKB wedstriid. In A en in B klasse, yn de A klasse 4 partoer, yn de B klasse 13 partoer. Fjouwer Mantgumer famkes keatsten mei, Rianne Nutma, Bregt Arendz, Amarins de Groot en Jennie Terpstra. Yn de A klasse wûn Jennie mei har maat Aluca Bouma út Grou alle trije partijen en dêrmei de earste priis. Amarins foel yn dizze klasse bûten de prizen. Bregt wûn yn de ferliezers ronde de 2e priis. Rianne keatse bêst mar wûn gjin priis. Utslach: A klasse 1e priis Aluca Bouma, Grou en Jennie Terpstra, Mantgum 2e priis Andrea Kroes, Gauw en Anna Berber Porte, Wommels B klasse, winnersronde; 1e priis Alien Hoekstra, Harns en Jeska Terpstra, Easterein 2e priis Sjoukje Stuiver, Wytmarsum en Rixt Wijnja, Wommels 3e priis Joyce Greidanus, Winsum en Boukje-Ellen Bosma, Makkum 3e priis Yvonne Eisma, Tzum en Pytrik Zijlstra, Folsgeare B klasse ferliezersronde 1e priis Hester Bruinsma, Wommels en Ymkje Yntema, Grou 2e priis Bregt Arendz, Mantgum en Anne Rixt Cnossen, Tzum
Geplaatst op 25 August 2009